Delbaarnd hûs Van Gans

 

De famylje Van Gans komt yn maaie 1933 nei it Langpaed. Sy hiere de stjelppleats, neist it hûsnûmer 12 en njonken de wyk. It hûs is dan eigendom fan Bonne Hijlkema út Drachten. Jakob van Gans en Sietske Hooijenga binne krekt troud. Alle 5 bern wurde oan it Langpaed berne: Pytsje (Pietje), Johannes, Janke, Jelle en Annie.
Foar de pleats is in brêchje oer de sleat, in hage en strûken. Yn it foarhûs is in grutte en lytse keamer. De syddoar is oan de súdkant en dêr stiet ek de stookhutte. De buorkerij hat fee en bou. De bern gean nei de skoalle op Kromhoek. Winkellju út De Wylp komme mei boadskippen.

Op 8 oktober 1943 brânt de pleats hast hielendal ôf. De húshâlding wennet noch trije jier yn in keet en in wenwein mar de pleats wurdt net wer opboud. Op deselde dei komt der in oansketten Ingelske bommewerper oer, dy't eefkes letter delstoart by de Poasen. Mooglik is der in ferbân mei dizze brân.

  

It stiet Jelle noch foar dat hy by de befrijing troch de Kanadezen in eintsje meiride mocht op militêr reau.
Yn 1945 ferhuzet de famylje nei Hempens en letter nei ferskate oare plakken. Pytsje treft har man - út Midwolda - as hy soldaat is op de fleanbasis by Ljouwert. Jakob is 93 jier as hy weirekket en Sietske 74.

Nieuwsblad van Friesland : Hepkema's Courant 11-10-1943

Foto rjochts en ûnder : it ôfbrande spul mei de pleats fan Walstra op de achtergrûn

 

Op de foto lofts steane mem Sietske en Pytsje. Oan de wyk

binne molkbussen op it bjinstap. Op de eftergrûn it hûs dêr't de famylje Brander yn wenne.

Op de foto rjochts binne fan lofts nei rjochts Pytsje, heit Jacob,

 Johannes en - foaroan - Janke. Yn de fierte de stjelp fan Varwijk.