Langpaed 3

De skiednis fan dit wenplak begjint mei in stripe lân fan de erfgenamten fan baron Van Pallandt. Yn 1910 keapet Eelke Jelles de Boer út De Jouwer 4.51.65 ha heide fan de Fryskepeallenfeart oan de provinsjegrins ta. De stripe leit neist de Kromhoekster Wyk. Yn 1913 is dêr in hûs mei heide en boulân as De Boer it spul ferkeapet oan feehâlder Wiebren Walstra út Aldeboarn. Yn 1914 wurdt it alwer ferkocht, no oan komelker Jacob Hornstra út Sigerswâld. Sijbe Riedstra keapet it hûs mei bou- en greidlân yn 1920 en docht parten wer fuort. Anne Veenstra keapet it (bou)lân oan de súdkant fan de wei, wylst it hûs mei in tredde part fan in bunder oan Berend IJbema ferkocht wurdt foar f. 3.000,-.

 

Twa jier letter nimme Jan Jeens Pool en syn frou Jantje Aaltje Jonkman it hûs oer foar f. 3.250,-. Sijbe Riedstra hâldt frije trochfeart en it rjocht fan reed lâns de neiste Kromhoekster Wyk ‘tot het voorttrekken of voortduwen van vaartuigen’. Boppedat mei Berend IJbema de earste fyftjin jier gjin hannel dwaan yn ‘kruideniers- en grutterswaren’ yn de omkriten fan Sigerswâld, De Wylp, Oerterp, Mearum en Bakkefean. Dat lêste is fansels om’t Jantje sels in winkel opset yn it sydkeammerke. Yn 1963 wurdt it hûs troch de erfgenamten fan Jantje Pool ferkocht oan Sip Marinus. De lêste tweintich jier is it hûs bewenne troch de famylje Van Burgsteden

 

Troufoto fan Jantje Aaltje Jonkman en Jan Jeens Pool