Langpaed 27

 

Yn 1901 keapet Willem Jans Bosma hjir in ‘huis, schuren, erf, weiland en bouwland’, 0.55.72 ha, fan skipper en boer Roelof Jans Jansma. Klaske Johannes de Vries (widdo fan Lucas Renkema) keapet it hûs mei de grûn yn 1924 fan Willem Jans Bosma. In jier letter keapet Gerrit Renkema de ‘koemelkershuizinge met schuur, hok, stookhut en bouwland’ foar f. 2.130,-. Gerrit hat arbeider west by Jouke Anema. Hy wennet dan yn in part fan de skuorre lâns de Anema’s wyk. As Anema nei Frankryk emigrearret, giet Gerrit mei om de kij te ferhúzjen. Nei ferrin fan tiid komme suster Antje en broer Jaap by Gerrit yn te wenjen. Yn de fyftiger jierren binne se ien fan de earsten mei in televyzjetastel. It giele pleatske sûnder hals mist letter de kop. In nij giel wenhûs stiet no neist de skuorre. Yn it hûs hat nei dy tiid goed tweintich jier de famylje Hoeksema wenne en sûnt inkelde jierren Hans Renkema en syn beide bern. Hans is in âldomkesizzer fan de sakrekt neamde Renkema’s

 

Ofbrutsen hûs tusken Langpaed 27 en 29

It hûs stiet op de kadasterplannen fan 1832 en 1887, wylst it op dy fan 1921 net mear foarkomt. Foar 1856 is Berend Willems Stenekes, eigner. Dan komme efterinoar : Fokel Eeuwes Duursma, Henricus Duursma, Jan Annes Pijpker. Yn 1884 keapet Egbert Lykles Leisma út Sigerswâld it hûs mei hiem, appelhôf en boulân - 1.14.49 ha - fan Jan Annes Pijpker. Dêrnei wurdt skipper Taeke Wietzes Ytsma út De Pein eigner. Ytsma is troud mei Swopkjen Douna. Neffens pakesizzer Zweitse Venema helle syn pake turf út Drinte en hat Swopkjen faak yn de line it skip lutsen. As dochter Tolke Ytsma it hûs yn eigendom hat wurdt it yn 1910 ôfbrutsen. Tolke hat dan de herberch mei winkel op de hoeke al kocht en har heit en mem Ytsma wenje oan de oare kant fan de wyk.

 

Maak jouw eigen website met JouwWeb